Sûnensapp foar Eritreeske jonge froulju ropt fragen op yn polityk Ljouwert

15 maaie 2021 - 11:02

In nije app om Eritreeske jongeren yn Ljouwert te helpen ropt mingde reaksjes op. De app wurdt betelle mei Ryksjild. De partij Lijst 058 fynt dat it jild better stutsen wurde kin yn in previnsjemeiwurker. Mar neffens de projektmanager wurdt de app nei de ûntwikkeling en tapassing yn Ljouwert lanlik útrôle en kin er ek yn oare lannen brûkt wurde.

Foto: Shutterstock

Yn de Eritreeske mienskip reitsje in soad froulju al jong yn ferwachting. Se stappe pas let yn de swangerskip nei bygelyks in ferloskundige. De app moat harren mear leare oer hoe't se sûn troch de njoggen moannen hinne komme kinne.

Fragen

Lijst 058 yn de gemeenteried fan Ljouwert hat fragen steld oer de app. Dy wurdt dan wol betelle mei in lanlike subsydzje fan 435.000 euro, "mar dêr komt de amtlike ynset fan de gemeente noch by. Dus alhiel fergees foar de gemeente is fansels ûnsin. As jo 435.000 euro diele troch 400 Eritreërs yn Ljouwert, dan is it in behoarlik djoere app." seit Otto van der Galiën fan de partij.

Previnsjemeiwurker

Van der Galiën sjoch mear heil yn oare mooglikheden. "Jo kinne foar dit jild ek fiif jier lang in previnsjemeiwurker yn tsjinst nimme. Of gean mei liedende figueren yn de Eritreeske mienskip by de jongeren yn Ljouwert del en fergrutsje sa de bewustwurding. Dat is folle effektiver en goedkeaper."

Hantlieding

Geertje Postma is goed twa jier dwaande mei de tariedingen fan de app. It is de bedoeling dy te brûken as in soarte fan hantlieding, om de jongerein by te bringen hoe't se feilich seks hawwe kinne en hoe't se (net) swanger wurde.

"Wy ûntwikkelje de app yn Ljouwert om't dêr yn ferhâlding in protte Eritreeske jongeren wenje. De bedoeling is om de app dêrnei lanlik út te rôljen. Dan giet it om sawat 20.000 jonge minsken."

Yn de Eritreeske mienskip is jong trouwe en bern krije hiel normaal, fertelt Postma. De froulju wurde net altyd ûnbedoeld swanger, mar de gefolgen binne faak net goed te oersjen.

Poppe komt pas te praat as it oan de mem te sjen is

Yn dizze kultuer wurdt faak pas praat oer de poppe, as oan de mem te sjen is dat se yn ferwachting is. Dat kin somtiden pas by tweintich wiken wêze, wylst ferloskundigen foar de achtste wike al allegearre tests dwaan wolle.

Sels ôfspraak meitsjen yn eigen taal

Mei de app kinne de oansteande memmen op in maklike manier, yn harren eigen taal, in ôfspraak meitsje by spesjalisten. Sa hoege se der net oer te praten mei oaren, want dat kin ek in drompel wêze.

Neist de app is it fierders de bedoeling om minsken yn de mienskip sels foarljochting jaan te litten. Sy krije help spesjalisten op ferskillende gebieten ynset.

Brûkber yn oare lannen

Om't de app yn it Tigrinya is, de taal dy't de measte Eritreërs prate, hopet Postma stiekem ek dat der oanslacht by de diaspora oan Eritreërs yn oare lannen.

"It is net in primêr doel fan dit projekt, mar ik ferwachtsje dat dat wol barre kin. As dizze app yn de Google Play Store of de Apple Store beskikber is, kin dat ek oandacht lûke fan Eritreeske diaspora yn Kanada, Noarwegen of Dútslân. In grut diel fan de befolking is earne oars terjochte kaam en moat ek syn wei fine yn in faak Westerske maatskippij."

(Advertinsje)
(Advertinsje)