Omrop TIP: In bân foar it libben

15 maaie 2021 - 10:59

'In bân foar it libben' is diel 5 (en it slot) fan de Fryslân DOK-searje Smokkelbern mei it ferhaal fan Lea Cohen. As 6-jierrich Joadsk famke wie sy ûnderdûkt by de famylje Kloosterman yn Ingwierrum. Har pleechheit Frans filme har libben. De Fryslân DOK, mei dy filmbylden en in resint ynterview mei Lea yn Israel, binne te sjen op 15 maaie by NPO2 en op 16 maaie by Omrop Fryslân.

Nei Ingwierrum

Lea Cohen wennet mei har heit, mem, twa broers en in suske yn Amsterdam, as sy yn 1943 ûnderdûke moatte. Lea komt úteinlik by Frans Kloosterman en Geeske Cordel yn Ingwierrum. It pear hat in krudenierswinkel en twa bern, Johannes en Rixt.

Lea Cohen (links), Johannes en Geeske Kloosterman - Foto: Tresoar

Untspannen

De film toant in famylje dy't mei-inoar kofje drinkt, bûten boartet, mei in boatsje fart en nei de boarterstún yn Feankleaster giet. De bylden binne wierskynlik makke yn de simmer fan 1944. Dochs liket de oarloch fier fuort: we sjogge bliere, ûntspannen minsken yn in rêstich doarpke.

It is foar it earst dat der filmbylden fan in Joadsk bern yn Fryslân yn oarlochstiid fûn binne. It is opfallend dat Frans Kloosterman Lea filme hat, want hy en Geeske sieten beide yn it ferset. Der wiene noch mear Joadske bern yn Ingwierrum ûnderdûkt.

Maaike en Rixt Kloosterman - Foto: Omrop Fryslân

Sinesappels

Nei de befrijing fan Ingwierrum sjocht Lea har âlden, broers en suske werom. Yn 1959 ferhuzet se nei Israel en krijt dêr in eigen gesin.

As tank foar wat Frans en Geeske Kloosterman foar har dien hawwe, hat Lea de Yad Vashem-ûnderskieding foar harren oanfrege. Sels wurket se ek foar Yad Vashem.

Mei de famylje Kloosterman, foaral mei har suskes Rixt en Maaike, dy't nei de oarloch berne is, hâldt Lea kontakt. Alle jierren stjoert se in kistke sinesappels. Yn dizze Fryslân DOK fertelt Lea yn Israel wat de famylje Kloosterman foar har betsjut.

Lea Cohen yn Israel - Foto: Omrop Fryslân

De film fan Kloosterman

De 8mm-film fan Frans Kloosterman hat altyd yn de famylje west. Stills út de film wiene al wol earder publisearre yn it boek De oorlog een gezicht gegeven (diel 4 oer East-Dongeradiel) fan R.H. Postma en Y.J. te Nijenhuis.

De film is digitalisearre troch it Fries Film en Audio Archief en is te sjen yn de Tresoar-tentoanstelling 'Wy kinne der noch wol ien by ha' oer Joadske smokkelbern yn Fryslân.

Rixt (links), Lea en in oar famke - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern Fryslân DOK en podcast

De Fryslân DOK-searje Smokkelbern, besteande út fiif dokumintêres en in podcastsearje, fertelt it ferhaal fan de hûnderten Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fan Amsterdam nei Fryslân smokkele binne.

Smokkelbern is in searje yn it ramt fan 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK Smokkelbern diel 5: In bân foar it libben

  • Sneon 15 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling 16 maaie 13.10 oere)
  • Snein 16 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. Mear ferhalen en ynterviews? Harkje nei Smokkelbern, de podcast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)