Sluiter feroardielet hypokrisy yn debat om Rutte: "Ook van mijn partij, de PvdA"

15 maaie 2021 - 09:11

Boargemaster Roel Sluiter fan de gemeente Harns sjocht gjin oare oplossing foar in nij kabinet as ien mei syn eigen partij PvdA én mei Mark Rutte. Hy nimt it op foar Rutte, dy't neffens him fierstente hurd oanpakt is yn it debat oer de âld-ferkenners op 1 april.

It debat gie fierstente fier, fynt Sluiter:

"Ik vond het een enorm vertoon van hypocrisie van de Kamerleden, zoals ze tekeergingen tegen Rutte. Ik vond het echt te ver gaan, ook van de Partij van de Arbeid-vertegenwoordigster daar", seit Sluiter.

"In elk kabinet, in elk college van B en W, in elke directie van een school wordt er over mensen gepraat. Doe niet alsof dat niet zo is, dat is zo. Er kunnen misschien ook onbetamelijke dingen over mensen gezegd worden, maar moet dat punt gemaakt worden?"

Sluiter seit dêrmei net dat de VVD-lieder en demisjonêr premier gjin saken ferkeard dien hat. "Onvoorstelbaar en onbegrijpelijk dat hij dat doet, maar om daar zo over te vallen, gaat mij wel wat te ver."

Dan kom je in een raad waar de sfeer te snijden is.

Roel Sluiter

Ein dizze moanne nimt Sluiter ôfskied as boargemaster fan Harns. Hy swaaide hast tsien jier de septer yn de havenstêd. Syn belangrykste opdracht, doe't er yn 2012 as waarnimmer begûn, wie de politike rêst werombringe. Dat wie gjin maklike opjefte.

Der wie troch it ferset tsjin de ôffaloven fan de Reststoffen Energie Centrale (REC) sprake fan in soad ûnrêst yn de gemeente. "Dan kom je in een raad waar de sfeer te snijden is. En ook in de gemeenschap, waar een grote scheur door de bevolking loopt tussen degenen die faliekant tegen de REC zijn en degenen die er voor zijn."

De sfear yn de ried fan Harns wie om te snijen:

Yn 2015 waard Sluiter fêst oansteld as boargemaster fan Harns. In stêd dy't bûten alle gemeentlike weryndielingen yn Fryslân bleaun is. Opmerklik, want in gemeente mei noch gjin 16.000 ynwenners soe neffens saakkundigen gjin takomst hawwe. Sluiter: "Toen we het besluit hadden genomen dat we zelfstandig door zouden gaan, werd er gezegd: 'Dat kunnen jullie niet. Je bent te klein, je kunt je burgers niet bedienen, financieel gaat dat niet goed. Dat wil niet.'"

Mar neat is minder wier, sa seit de boargemaster. "Wij zijn, financieel gezien, de meest stabiele gemeente. Als het gaat om de laagste woonlasten voor onze burgers, staan we op plaats één of twee. We kunnen dat allemaal wel."

Roel Sluiter oer de selsstannigens fan Harns:

Krekt de driging fan it opgean fan Harns yn in nije gemeente hat derfoar soarge dat de ynwenners fan de havenstêd wer ien front foarmen. Yn in referindum sprutsen de ynwenners har út foar selsstannigens.

Neffens de skiedend boargemaster is dy selsstannige posysje noch lang hâldber. Finansjeel stiet Harns der goed foar en de politike rêst is weromkeard.

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet boargemaster Roel Sluiter fan de gemeente Harns oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

(Advertinsje)
(Advertinsje)