Earste EK foar Marrit Steenbergen sûnt 2016: "Ik vind het wel spannend"

Foar it earst sûnt 2016 docht Marrit Steenbergen wer mei oan in Europeesk kampioenskip swimmen. Moandei begjint it toernoai yn it Hongaarske Boedapest en it is ien fan de lêste wedstriden foar de Olympyske Spelen. De swimster fan Easterwâlde komt yn alle gefallen yn aksje op de 4x100 meter frije slach mei de estafetteploech en yndividueel swimt se de 200 meter wikselslach.
It wurdt foar Marrit Steenbergen har earste EK sûnt fiif jier
De lêste kear dat Steenbergen in EK swom, wie yn 2016. Dêrnei hie se in mindere perioade, wêrtroch't se efkes fan it ynternasjonale poadium ferdwûn. Se is dwaande mei in comeback, dy't har al in ticket foar de Olympyske Spelen opsmiten hat mei de estafetteploech.
Dat de 21-jierrige swimster no ek wer oan in EK meidwaan sil, fynt se spannend. "Ook omdat je niet weet hoe alles nu gaat lopen door corona. Normaal weet je hoe alles eruit ziet, maar dat is nu anders. Dat maakt het wel spannender."
Topsporters wolle faak witte wêr't se oan ta binne en ta yn de puntsjes taret wêze. Dat is wat lestiger yn dizze coronatiid, fernimt Steenbergen. "Ik vind het heel fijn om te weten hoe alles loopt, dat ik bijvoorbeeld om 9 uur de bus pak en half 10 in het zwembad ben. Maar dat weet je niet, omdat de bussen bijvoorbeeld met halve capaciteit worden ingezet. Dat is wel een ding op je voorbereiding. Bij het zwembad mag er maar een maximum aantal mensen in liggen en misschien moet jij je voorbereiding uitstellen. Dat soort dingen, waarvan wij niet weten hoe dat gaat lopen, vind ik spannend."

Programma fan Steenbergen

Marrit Steenbergen oer de estafetteploech
Fuortendaliks op de earste dei fan it EK komt Steenbergen yn aksje mei de estafetteploech op de 4x100 meter frije slach. Se hat har op dat ûnderdiel pleatst foar de Spelen en dus is it wichtich dat se har sjen lit, want der binne seis swimsters foar fjouwer startplakken.
As de Nederlânske froulju de finale helje, sille twa plakken ynfolle wurde troch Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk. Moarns by de foarrondes mei Steenbergen starte en moat se mei Kira Toussaint, Valerie van Roon en Kim Busch útmeitsje wa't mei Kromowidjojo en Heemskerk de finales swimme mei.
"Ik wil nu mijn plek vasthouden en in de finale zwemmen. Voor mij is dat wel redelijk belangrijk om te bewijzen dat ik daarin thuis hoor. Dat wil ik minimaal behalen om tevreden te zijn", fertelt Steenbergen oer har yndividuele doel. "En als ploeg willen we goed zwemmen en kijken of we een medaille kunnen halen." Nederlân heart neffens Steenbergen wol by de favoriten.
Steenbergen kin ek noch in yndividueel startbewiis foar de Spelen helje
Mei de estafetteploech is Steenbergen wis fan in olympysk ticket, mar se soe op it EK ek noch in yndividueel startbewiis helje kinne. Dat moat dan barre op de 200 meter wikselslach. Se moat dan allinnich wol in persoanlik rekôr swimme om har te pleatsen. "De limiet is 2.12,12 en ik zwom een paar weken geleden 2.14,74. Ik hoop dat ik een gooi kan doen naar de limiet. Maar ik weet niet hoe ik ervoor sta, omdat het een heel andere afstand is dan de 100 meter vrij."
It is net sa dat Steenbergen har de lêste wiken ekstra fokusse hat op de 200 meter wikselslach om dat olympyske startbewiis noch te heljen. "Ik vind de 100 meter vrij belangrijker dan de 200 wissel, dus we hebben iets minder wissel gedaan."
Neist it ticket foar de Spelen is der fansels ek noch gewoan in Europeeske titel te fertsjinjen, mar se tinkt net dat se dêrfoar yn oanmerking komt. "Ik hoop dat ik de halve finale haal, misschien zelfs de finale."
© Orange Pictures