Kollum: "Het Noorden"

"De bestjoeren fan de Noardlike provinsjes fine dat we hjir yn it Noarden wol fungearje kinne as oerrinputsje fan de stampfolle Rânestêd.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Se binne sa oertsjûge fan dat byld, dat se it mei grutte stikken yn de kranten rjochting it nij te foarmjen kabinet as wierheid ferpakke. We wurde der yn de plannen allegearre better fan, want sa moat it wol brocht wurde om draachflak te kreëarjen.
No is myn fraach oan jimme, harkers en lêzers fan Omrop Fryslân. Wat fine jimme dêr eins fan? Hawwe se jimme dat wolris frege? Wat tinke jimme derfan as der in regelrjochte oanslach op ús prachtige lânskip dien wurdt? As plakken twa of trije kear sa grut wurde mei ynwenners dy't hjir as forins komme te wenjen? Hawwe se jimme wolris frege wat jimme tinke dat soks foar konsekwinsje hat foar hoe't wy hjir wenje en libje?
Dit Deltaplan foar it Noarden, sa't de plannemakkers it neamd hawwe, liket yn de smeekbeaen rjochting Den Haag hast de lêste hoop foar it Noarden fan Nederlân, sa wurdt it brocht. Mar wat fine jimme der eins fan? Sjoch, we kinne der hiel yngewikkeld oer dwaan, mar de bestjoerders sitte der foar ús, as ynwenners. Net oarsom, al wolle guon dat graach sa foarkomme litte. Se sitte dêr omdat wy ien kear yn de fjouwer jier sizze meie wa't der sitte. Mar stie der by de lêste ferkiezingen yn de partijplannen dat we yn 2021 ús lânskip nei de soademiter helpe wolle mei megalomane oantallen wenningen en sa mear? Hawwe jimme dat earne lêzen? Neffens my stie it der net sa, yn hokker program dan ek.
Ik ken minsken dy't sizze dat we nei de ferkiezingen de keazen folksfertsjintwurdigers harren gong gean litte moatte. Omdat sy fine dat de 'boven ons gestelden' it elektoraat dan fertsjintwurdigje. Bystjoere kin ienris yn de fjouwer jier, by de folgjende ferkiezingen. Ik haw dat altyd in nuvere tinkwize fûn. En wol hjirom. In jier as wat lyn wie der in deputearre dy't neffens eigen tinken it wurk geweldich goed die. Oant it momint dat der ferkiezingen kamen en de partij fan dy deputearre in freeslik pak op de soademiter krige.
In dei of wat letter moast ik tafallich yn it Provinsjehûs wêze en trof ik dy deputearre. Dy sei: 'Ik haw it nea oankommen sjoen. As jo sa drok binne mei it wurk reitsje jo isolearre en dôf foar ynfloeden fan bûten jo eigen rûntsje. Jo wurde konstant troch deselde minsken ynflústere oer wat jo belied wêze sil, en alles dat dêr net yn past, is net relevant. Sels al komme der plannen dy't folle better binne as deselden dy't jo mei jo riejouwers betocht hawwe, sille se net yn behanneling naam wurde. It is in hiel rare gewaarwurding as jo wekker wurde en der docht bliken dat de kiezers der al dy tiid hiel oars oer tocht hawwe. Yn alle earlikheid, ik wist dat net.' Dat sei in bestjoerder. In deputearre, dy't mei pine yn it hert ôfskied nimme moast fan it wurk.
Hie dy deputearre earder witten wat der spilet, dan wiene der oanpassingen dien, wie der miskien wol nei it elektoraat lústere. Mar it is dy ôfsletten, ferstikkende bestjoerskultuer dy't trochslacht yn syn eigen tichte bubbel dy't ferantwurdlik is foar in draak fan in plan as it Deltaplan foar it Noarden. Nimmen hat de minsken hjir wat frege. It swaaien mei stimpapierke dêr't in stik of wat hantekens op stean, is alles dat de foarstanners witte te bringen.
Wêr binne de miljeuklups? Wêr binne de hoeders fan ús Fryske lânskip? Binne se te bang om harren subsydzje kwyt te reitsjen as se harren massaal tsjin dizze opstiging keare? Binne se ûnder druk set om harren stil te hâlden? Ik wit it net, hear. Mar de stilte yn dy hoeke is oerweldigjend. It lânskip, ús grutste kapitaal. In stel bestjoerders, oantrune troch opportunisten mei dollartekens yn de eagen yn in ôfsletten bubbel binne dwaande dat nei de kloaten te helpen. En se hawwe it sels miskien net iens troch, krekt as dy deputearre. Litte wy dat gewoan barre? It kin mar ien kear."