Gjin oerwinning foar Feanfroulju yn twadde duel tsjin VV Alkmaar: 3-3
De froulju fan SC Hearrenfean kamen freed yn de tredde kompetysjewedstriid yn de B-pûl opnij tsjinoer VV Alkmaar te stean. In wike lyn wûn SC Hearrenfean mei 2-1 fan de froulju fan VV Alkmaar, mar dizze kear kamen sy net as winner út de striid en waard it 3-3.
De Feanfroulju krigen grutte kânsen yn de earste helte, mar se kamen net ta skoaren. Beide ploegen giene doelpuntleas it skoft yn.
Nei de rêst kaam dêr feroaring yn, doe't VV Alkmaar de 1-0 makke yn de 60ste minút. SC Hearrenfean kaam in lyts kertier letter mei it antwurd: Van der Westeringh makke de 1-1, nei in foarset fan Van de Ven.
'Aksje reaksje': 3-3 op it skoareboerd
Yn de 81ste minút makke VV Alkmaar de 2-1, mar ek dat koe SC Hearrenfean seis minuten letter wer glêd strike. Van der Veen kaam mei de lykmakker yn de 87ste minuut: 2-2.
Efkes like it derop dat de Feanfroulju it duel winne soene, doe't Van Dijk de 2-3 makke yn de 90ste minuut. Ut in frije traap wei makke VV Alkmaar úteinlik dochs noch de lykmakker.