Bytsje mear boekingen, mar 'reizgjen wurdt net mear itselde'

14 maaie 2021 - 17:31

It wurdt wer in lyts bytsje drokker by reisorganisaasjes sûnt de parsekonferinsje fan earder dizze wike, wêryn't it kabinet ferrommingen oankundige. Mar it reizgjen wurdt net mear as fanâlds, ferwachtet Minou Bakker fan in reisburo yn Easterwâlde.

In reizger op in rêstich Schiphol - Foto: ANP

Bakker seach ferline jier nei de útbraak fan de pandemy alles stil fallen, der waard neat mear boekt. Se hat hat personiel dien jûn en is ferhûze nei in lytser gebou. Mar dizze wike komme de earste klanten wer.

Noch wol foarsichtich

"De e-mails, vragen en offertes komen weer binnen", seit Bakker. "Mensen zijn nog wel voorzichtig, ze willen weten wat de voorwaarden zijn. Veel klanten kijken ook nog even de kat uit de boom, maar je merkt wel dat mensen graag weer op reis willen."

Dit wykein makket it ministearje fan Bûtenlânske Saken bekend hokker lannen in posityf reisadvys krije. De ferwachting is dat populêre fakânsje-eilannen lykas Ibiza, Mallorca, Gran Canaria en guon Grykske eilannen in grien of giel reisadvys krije. Bakker fernimt ek dat minsken benammen nei dy plakken ynformearje.

Benammen yn Europa

It sil foarearst ek wol benammen by Europeeske bestimmingen bliuwe, ferwachtet se. "Verre bestemmingen worden moeilijker. Maar ik ben blij dat ik m'n vak weer een beetje op kan pakken. Ik vind het mooi om het leuke voor de klant uit te zoeken. Ik ken die landen allemaal, dus ik vind het zo leuk om erover te vertellen."

Ik denk ook dat de prijzen omhoog gaan, waardoor het voor sommige mensen moeilijker wordt om op reis te gaan.

Minou Bakker oer de takomst fan it reizgjen

Mar it wurdt noait mear itselde, tinkt se. "Mensen zijn voorzichtiger geworden. We reizen meer in het binnenland. Ik denk ook dat de prijzen omhoog gaan, waardoor het voor sommige mensen moeilijker wordt om op reis te gaan. En er komen restricties vanwege de schade die vliegreizen toebrengen aan het klimaat."

Boppedat binne der mear en mear minsken dy't fanwege de skealike effekten derfoar kieze om net it fleantúch te pakken. "Ik hoop dat vliegen in de toekomst milieuvriendelijker kan, maar voorlopig komt de reiswereld niet op het oude niveau terug."

Trefwurden: 
reisburo reizgje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)