Minder nije besmettingen mei corona, wol twa stjergefallen

14 maaie 2021 - 15:18

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 142 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 25 minder as tongersdei, doe wienen der 167 nije besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 159 besmettingen fêststeld. Presys in wike lyn lei dat deistige trochsneed op 169.

Stadichoan geane de sifers nei ûnderen, mar by de GGD en de sikehûzen binne der noch wol soargen. Sa binne der wer mear fyftigers dy't besmet reitsje en ek de druk yn de sikehûzen bliuwt heech.

De measte nije besmettingen binne freed meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (35), dêrnei folgje de gemeenten Ljouwert (23) en Hearrenfean (11).

Twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en De Fryske Marren.

Der is ien Fries mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Eaststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 5.608 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 6.220.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)