Freedsmerk oer it geweld yn Israel: "Blij dat mijn ouders dit niet meemaken"

14 maaie 2021 - 14:09

"Israël is een sterk volk hè. Dit moeten ze ook wel kunnen doorstaan", dat seit in merkkeapfrou mei Joadske woartels yn reaksje op it geweld dat op it stuit eskalearret tusken Israel en Gaza. "Maar het kan ook overslaan naar Nederland, dus ben ik blij dat mijn ouders niet meer leven. Ik weet dat ze hier hartstikke bang van waren geworden. Zo van: niet weer hè."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In oar is benaud dat it konflikt eskalearje kin as de Feriene Steaten en Ruslân har der mei bemuoie. Fierder wie der soad ûnbegryp wêrom't it mar net slagget om dêr yn frede mei-inoar te libjen. "It is sa'n moai lân!"

In keapman wie fernuvere dat it hjir - op it earste each - net sa libbet: "Ze maken zich hier druk om de relatie van André Hazes jr., mar als we niet oppassen, breekt daar straks de pleuris uit." In oar hold har krekt wat op 'e flakte: "Ik fyn hjir in soad fan, mar ik fyn it dreech om dat út te lizzen."

Sigrid Kaag

Oplossingen waarden ek oandroegen: "Laat mevrouw Kaag maar bemiddelen. Ze is getrouwd met een Palestijn en heeft een breed netwerk." In man fan bûtenlânske komôf wiisde ek op bemiddeling: "Sprekend moeten we dit oplossen. Dat is beter dan met wapens en bloed."

Reaksjes fan de Ljouwerter freedsmerk

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk Israël
(Advertinsje)
(Advertinsje)