Harmen Kuperus wurdt keeperstrainer Fortuna Sittard

Harmen Kuperus wurdt keeperstrainer by Fortuna Sittard. Kuperus folget Sieb Dijkstra op, dy't earder dit seizoen fuortstjoerd waard. De âld-keeper fan SC Hearrenfean wie it ôfrûne seizoen keeperstrainer by Go Ahead Eagles en promovearre woansdei mei de ploech út Deventer.
Harmen Kuperus © Orange Pictures
Kuperus wie earder al trije jier keeperstrainer by SC Hearrenfean en wurksum by KV Mechelen en OH Leuven.