Trije Friezen nei WK judo, mar net elkenien is bliid

14 maaie 2021 - 13:00

Trije Fryske judoka's binne selektearre foar it WK yn Boedapest, begjin juny. It giet om Sanne Vermeer, Tornike Tsjakadoea en Natascha Ausma. Dy lêste docht net mei oan de yndividuele wedstriden, mar sit by de seleksje foar de mixteamwedstriden.

Sanne Vermeer - Foto: Orange Pictures

Vermeer, út Stiens, docht mei yn de klasse oant 63 kilo. Yn dy klasse stride de judoka's op woansdei 9 juny om de wrâldtitel. Yn 2019 waard Vermeer fyfde op it WK. Vermeer is gewoanwei ien fan de bêsten yn har klasse, mar se mei net nei de Olympyske Spelen yn Tokio. Dat komt trochdat se lang blessearre west hat.

By de manlju oant 60 kilo hopet Tsjakadoea (24) op sukses. Hy mei direkt op de earste dei fan it WK oan de bak, op 6 juny. De Ljouwerter hat twa kear earder meidien oan it WK by de senioaren, mar oant no ta sûnder sukses. Tsjakadoea sit by de olympyske seleksje.

Tornike Tsjakadoea (yn it wyt) - Foto: ANP

It WK einiget op 13 juny mei de mixteamwedstriden. Dêrfoar sit Natascha Ausma (24) fan Lippenhuzen by de seleksje foar de wedstriden yn de klasse boppe de 70 kilo. It wurdt har earste WK by de senioaren.

Ausma hie it oars dien

It leafst hie Ausma meidien oan it yndividuele toernoai. "Dêr hie ik eins by wêze moatten." De bûnscoach hat no Guusje Steenhuis en Marhinde Verkerk selektearre foar de gewichtsklasse fan Ausma.

"Ik hie in oare kar makke", seit Ausma. "Moatst sjen nei de takomst. Dit WK hie in moaie opstap wêze kind foar jongere judoka's, yn oanrin nei de Olympyske Spelen oer trije jier."

Natascha Ausma - Foto: Orange Pictures

De seleksje foar it WK

Froulju: Naomi van Krevel (-52 kg), Sanne Verhagen (-57 kg), Juul Franssen, Sanne Vermeer (-63 kg), Sanne van Dijke, Kim Polling (-70 kg), Guusje Steenhuis, Marhinde Verkerk (-78 kg)

Manlju: Tornike Tsjakadoea (-60 kg), Frank de Wit (-81 kg), Jesper Smink (-90 kg), Simeon Catharina, Michael Korrel (-100 kg), Roy Meyer, Jur Spijkers (+100 kg)

Allinnich op de mixteamwedstriden: Pleuni Cornelisse (-57 kg), Hilde Jager (-70 kg), Natascha Ausma (+70 kg) en Yannick van der Kolk (-73 kg)

(Advertinsje)
(Advertinsje)