PODCAST Smokkelbern #7: "Ze moest altijd stil zijn"

14 maaie 2021 - 13:00

Eva Cohen wie as 7-jierrich famke yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderbrocht by it pear Piet en Wimke Meinsma yn Jirnsum. Dêr waard se 'Marijke' neamd. Se wennen boppe in manufaktuerewinkel oan de Doarpsstrjitte. Om't net ien witte mocht dat dêr in Joadsk famke ûnderdûkt siet, moast Eva altyd stil wêze: net roppe, net laitsje, net gûle. Dat hat fan grutte ynfloed west yn har lettere libben. Yn diel sân fan de podcast Smokkelbern it ferhaal fan Eva Cohen.

Beharkje de podcast:

Eva har broerke Jaap siet ûnderdûkt by in boerehúshâlding yn Bears. Yn it lêste oarlochsjier kaam harren eigen mem Clara ynienen nei Fryslân ta, om har bern te sykjen. Ek Clara koe yn Jirnsum ûnderdûke, by de meniste dûmny Herman Keuning en syn frou An.

Nei de oarloch is it kontakt mei de Fryske ûnderdûkfamyljes altyd bleaun. Eva gong alle fakânsjes by Piet en Wimke Meinsma útfanhûs.

Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.

'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)