Coronabus yn Ljouwert: "Faksinaasje yn kwetsbere lannen is ek yn ús belang"

In spesjale kollektebus hellet yn Ljouwert jild op om it coronafirus te bestriden yn earme en kwetsbere lannen. Mei Giro 555 freegje alve helporganisaasjes omtinken foar slachtoffers fan it firus. De saneamde 555Collectebus rydt troch it lân en stiet freed by it WTC yn Ljouwert.
"Kijk verder dan de landsgrenzen", seit longdokter Van Geffen::
Minsken kinne delkomme en mei in QR-koade in donaasje dwaan. It ynsammele jild is foar coronaslachtoffers en it mooglik meitsjen fan faksinaasje yn kwetsbere lannen. Ek wurdt der medyske needhelp oanbean. De situaasjes yn bygelyks Yndia en Nepal binne soarchlik, fine de organisaasjes. In rappe faksinaasje is dêrom fan grut belang.
De helporganisaasjes efter it inisjatyf binne Stichting Vluchteling, Cordaid, CARE Nederland, Kerk in Actie, Oxfam Novib, Save the Children, UNICEF, Nederlandse Rode Kruis, Plan Internationaal Nederland, Terre des Hommes en World Vision.
De kollektebus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Longdokter Wouter van Geffen fan sikehûs MCL leit út dat der in soad lannen binne dêr't de soarch minder regele is as by ús. "Wij vinden zuurstofvoorziening en vaccinatie vanzelfsprekend in Fryslân, maar dat geldt daar niet. In sommige landen is de medische zorg dermate slecht is dat de coronapandemie veel meer slachtoffers maakt dan nodig."

Needhulp nedich

Jos de Voogd fan Giro 555 fertelt dat de situaasje yn Yndia op dit stuit hiel slim is. "Daar gaat het helemaal fout. Er overlijden per dag bijna 4.000 mensen in India. Het is een groot land, maar de zorg is zo overbelast dat er echt noodhulp nodig is. Er zijn veel landen waar nog slechts 1 tot 2 procent van de bevolking is gevaccineerd. Wil je uit deze ramp komen, dan zouden veel meer mensen toegang moeten hebben tot een vaccin."
Longdokter Wouter van Geffen © Omrop Fryslân
Van Geffen ropt op ta solidariteit. "Als wij een steentje bij kunnen dragen, dan is dat oneindig waardevol. Wij hebben ons in Fryslân solidair opgesteld met andere delen van Nederland. Het is waardevol om dat ook met de rest van de wereld te doen. Want de situatie is erg schrijnend."

Fierder sjen as Fryske grinzen

Yn guon gefallen binne der ek wol faksins beskikber, mar net op in tagonklike wize. Van Geffen: "Soms kunnen de vaccins niet op de plek van bestemming komen, als het om afgelegen gebieden gaat. Het is goed om je medemens te steunen en verder te kijken dan onze eigen grenzen."

Sels noch net faksinearre

Guon minsken fine it nuver dat der sa bot ynset wurdt op faksinaasje yn it bûtenlân, wylst yn Nederlân sels noch net eltsenien faksinearre is.
Mar longdokter Van Geffen leit út dat it yn it belang fan eltsenien is om it coronafirus ek yn earmere lannen tsjin te hâlden. "Een virus kan resistent worden voor vaccins. Als een ziekte overal tegelijkertijd wordt uitgebannen, dan is de kans op gevaarlijke en resistente varianten vele malen kleiner. Dus in die zin heeft iedereen in de wereld er belang bij dat de toegang tot coronavaccins voor iedereen geborgd is."