Sifers geane stadichoan de goede kant op, mar soargen bliuwe by GGD en sikehûzen

14 maaie 2021 - 12:00

Mear en mear minsken wurde faksinearre, it tal besmettingen rint stadichoan werom, minder minsken wurde mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dochs binne de soargen by de GGD en de noardlike sikehûzen noch lang net fuort.

Wat is de situaasje op dit stuit mei corona?

Sa is de druk op de bêden dy't foar coronapasjinten reservearre leger as earst, mar op de intensive care bliuwt it tige drok, seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland. Alle romte dy't frijkomt, wurdt direkt wer brûkt foar oare soarch dy't net wachtsje kin.

Yn de Fryske sikehûzen leine freed 31 coronapasjinten op de klinyske ôfdielingen, dat wie in moanne lyn noch mear as fyftich. Op de intensive cares lizze 25 coronapasjinten, sawat likefolle as in moanne lyn.

Boppedat nimme de sikehûzen yn de noardlike trije provinsjes noch geregeld pasjinten oer fan sikehûzen út oare regio's. Sa wurdt de druk yn alle sikehûzen better ferdield.

Foto: ANP Foto

By de GGD besteane de grutste soargen oer âlden dy't noch jongfolwoeksen bern thús te wenjen ha. Sawat in kwart fan alle positive coronatesten komt fan minsken tusken de 18 en 30 jier. De GGD tinkt dat der op it stuit sa'n 1.200 Friezen yn dy leeftiidsgroep besmetlik binne.

Ut de ûnderfining fan it ôfrûne jier wit de GGD dat in part fan dy groep har âlders besmette sil. Dat is no ek al te sjen yn de sifers, want it tal besmette fyftigers wurdt heger. Dat binne ek noch faak minsken dy't noch net faksinearre binne, mar wol kâns rinne om mei it firus yn it sikehûs te einigjen.

De GGD seit dat it goed wêze soe as dy âlders it kontakt mei de posityf teste bern safolle mooglik mije. Bern dy't besmet binne en noch thús wenje, moatte yn isolaasje.

Mear faksin betsjut mear faksinaasjes

It faksinearjen rint yn Fryslân hieltyd better. De ôfrûne wike ha 25.794 Friezen in prik krigen by de GGD. Dat is goed 45% mear as in wike earder, doe wie it noch 17.744. De groei komt trochdat der mear faksin beskikber wie. De kommende wiken wurdt der noch mear faksin levere, dus dan sil it tal faksinaasjes ek fierder op rinne. De GGD'en sykje dêrom ekstra meiwurkers. De sikehûzen kinne ek helpe om de faksins te setten.

Takom wike krije minsken dy't yn 1963 berne binne de útnûging fan it RIVM foar in faksinaasje, ferwachtet de GGD.

Dat it faksinearjen helpt tsjin it tal besmettingen, is ek werom te sjen yn de sifers. Benammen 70-plussers reitsje folle minder faak besmet. De faksinaasjegraad yn dy groep leit tusken de 86 en 90% yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
GGD coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)