Toeristegebouke by Lyts Grins delset: rêstpunt oan de Turfrûte

14 maaie 2021 - 10:45

Yn de buorskip Lyts Grins by Wynjewâld wurdt in toeristegebouke iepene. It gebou hat de namme De Vooruitgang krigen en moat in rêstpunt foar rekreanten wêze, mei wc's en waskgelegenheid. It gebou leit oan de Turfrûte, by it haventsje oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart is plak foar fiif boatsjes. Ek leit it oan ferskate kuierpaden en in fytsknooppunt.

Foto: Stichting SWA de Vooruitgang

Op 15 maaie wurdt it gebou offisjaal iepene. De namme De Vooruitgang ferwiist nei it eardere molkfabryk by de buorskip. Mei stipe fan de provinsje, gemeente Opsterlân, Pleatslik Belang Wynjewâld, it buertbestjoer fan Lyts Grins en de projekten N381 en it Friese Meren-projekt is de fertutearze molkfabryk ferfongen troch in boarterstún.

Op de souder fan it gebou is in spesjaal plak makke foar flearmuzen, dy't ek yn it fabryk wennen. Oan de foarkant fan it gebou is in keunstwurk fan Jikke van de Waal-Bijma te sjen mei de kontoeren fan it molkfabryk yn metaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)