Sjauffeurs hygiëne- en tekstylbedriuw CWS Drachten fiere aksje foar cao

14 maaie 2021 - 10:02

Sjauffeurs fan tekstylfersoarger CWS yn Drachten fiere moandei aksje foar in better cao. Der wurkje in lytse 30 sjauffeurs by it logistyk sintrum, dy't waskguod en oare hygiëneprodukten nei klanten ride. De meiwurkers wolle struktureel in heger lean en bettere pensjoenôfspraken.

Foto: Google Street View

De sjauffeurs sille in spandoek ophingje en biede in brief oan om begryp te freegjen. Ek yn Den Bosch wurdt aksjefierd troch meiwurkers fan de keten. De sjauffeurs wolle fiif persint mear lean, in swier-wurkregeling en in generaasjepakt.

Neffens it fakbûn FNV giet it om freonlike aksjes. De klanten fan de waskerijen sille der net in soad hinder fan hawwe. Dan giet it bygelyks om sikehuzen en bedriuwen.

Trefwurden: 
Drachten aksje FNV sjauffeurs CWS
(Advertinsje)
(Advertinsje)