Ljouwerter festival Welcome to The Village giet troch, earste nammen bekend

14 maaie 2021 - 10:00

It wurdt mooglik it earste grutte festival yn Nederlân sûnt 2019: Welcome to The Village yn Ljouwert giet dit jier troch op 16, 17 en 18 july.

De organisaasje oer hoe't it derút sjen sil:

It hat wol wat fuotten yn de ierde en it sjocht der ek oars út as gewoanwei, mar it wurdt gjin online evenemint: der komme 'gewoan' artysten en publyk nei de Griene Stjer yn Ljouwert.

Trije groepen fan 500 besikers

Der kinne alle dagen 1.500 minsken by wêze, seit de organisaasje. Sa bliuwt alles binnen de besteande coronamaatregels. Welcome to The Village wurdt dit jier in karrûsel: it festivalterrein wurdt ferparte yn trije stikken.

De 1.500 besikers wurde yn trije groepen set en ferdield oer dy trije terreinen. Troch de dei skowe se troch nei in oar terrein. Dy trije terreinen krije elk in oare oanklaaiïng. By de optredens moat it publyk noch wol sitte, op oardel meter ôfstân fan elkoar.

Opskale is makliker as ôfskale

"In deze vorm kan het alleen maar meezitten", seit festivaldirekteur Ruben Bosch. "Opschalen is makkelijker en een stuk leuker dan naar beneden moeten bijstellen. Stel dat we straks te horen krijgen dat we geen rekening met de anderhalve meter hoeven te houden, dan gooien we de stoelen gewoon aan de kant."

It festival kundiget freed ek de earste 28 nammen oan. Bekende nammen binne Ares, Froukje, Nana Adjoa, Roosbeef, Sor en Zwangere Guy.

Alle 28 nammen dy't no bekend binne

Ares, Bab L'Bluz, Charlotte Adigéry, Chibi Ichigo, Chung Kings, Ciel, Cloudsurfers, Dragonfruit, Froukje, Global Charming, Joya Mooi, Klein, La Jungle, Lewsberg, Lola's Dice, Meskerem Mees, Nana Adjoa, Raw Roets, Roosbeef, Slift, Slow Worries, Sor, Sylvie Kreusch, The Guru Guru, The Mauskovic Dance Band, The Visual, Yin Yin en Zwangere Guy.

Explore the North

Explore the North, gewoanwei yn novimber op ferskate plakken troch Ljouwert, komt fan it simmer mei The Summer Sessions. Dat bestiet út ferskate foarstellingen en presintaasjes tusken juny en septimber. Under oare S10 komt nei Ljouwert, mar ek Nynke Laverman en Frank Westerman.

S10 - Foto: ANP
(Advertinsje)
(Advertinsje)