Bestjoerder ûnder ynfloed efterfolge by Drachten, buske bedarret yn hage

By Drachten is tongersdeitejûn in bestelbus efterfolge troch de plysje. De 25-jierrige bestjoerder ried gefaarlik oer de N31 en wie ûnder ynfloed. De plysje besocht it buske oan de kant te setten, mar de bestjoerder wurke net mei. By in efterfolging yn Drachten rekke de man de macht oer it stjoer kwyt. It buske ramde in muorre, rekke in lantearnepeal en kaam yn in hage oan de Lavendelheide ta stilstân.
© SRFotografie
De bestjoerder, in ynwenner fan gemeente Dantumadiel, moast kontrolearre wurde troch ambulânsepersoniel. De fertochte is troch de plysje meinommen nei it plysjeburo.