Aalt transplantearret reid by de Ofslútdyk: "Elke keer een mooi stukje nieuwe natuur"

14 maaie 2021 - 09:00

Aalt van den Hul (64) is syn hiele libben al wurksum yn de wetterbou, mar no hat er wol in hiel bysûndere put: hy transplantearret reid. Yn de Noordwaard by Makkum is in oerskot oan reid en dat kin goed brûkt wurde by de oanlis fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk.

Riettransplantatie

Spesjaal foar dit soart projekten hat Aalt in 'rietwinmachine' ûntwikkele. Mei dat apparaat kinne je grutte blokken reid mei grûn en al ôfsnije. It lykje krekt gebakjes. Aalt is grutsk op de masine: "Het is het eerste apparaat dat ik bedacht heb dat meteen goed werkt."

Fûgels bouwe nêst op eilantsje

De grutte blokken reid wurde op in flot laden, sadat se ferfierd wurde kinne nei de fiskmigraasjerivier yn de Iselmar. Dêr is in lyts eilantsje oanlein en it reid tsjinnet as beskoaiïng. "En het mooie is", seit Aalt, "dat de aanwezige vogels die graag een nestje willen bouwen, hier meteen plaats kunnen nemen. Ze hoeven niet te wachten tot het riet volgroeid is, want het groeit gewoon door."

Op syn fyftjinde siet Aalt al op de kraan. Hy holp doe by it ûntginnen fan de Flevopolder. Hy hat dus al hast fyftich jier ûnderfining yn de wetterbou. "Het is echt mijn passie. Een mooi stuk nieuw natuur maken, zoals hier in het IJsselmeer, daar kan ik echt van genieten."

De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)