Museäle oerslachmasine foar nôt wurdt yn Frjentsjer restaurearre

14 maaie 2021 - 07:42

'Stadsgraanzuiger 19' is de lêste nôtsûger yn Europa dy't noch wurket en dizze bysûndere oerslachmasine wurdt de kommende moannen yn Frjentsjer restaurearre. Freed is de masine út 1927 oerbrocht fan it Maritiem Museum yn Rotterdan nei de werf fan Talsma Shipyard yn Frjentsjer.

It wie in prima tocht, seit Pim Janse fan it Maritiem Museum:

It Maritiem Museum neamt de nôtsûger 'een prachtig voorbeeld van innovatie in de maritieme sector'. Oant de ein fan de 19e iuw koste de oerslach fan nôt in soad mankrêft. De útfining fan de saneamde 'graanelevatoren' makke dat it wurk fan boatwurkers, sekdragers en nôtwegers net mear nedich wie. De havenwurkers wiene dan ek net bliid mei de masine. Der kamen tal fan protesten, mar sy koene de masinen net mear keare. Pas yn de jierren 70 rekken de masinen bûten gebrûk.

Foarútstribjende masine

Jitze Stiensma, projektmanager by Talsma Shipyard, fertelt dat it eartiids in hiel foarútstribjende masine wie. "Eartiids kamen de seeskippen mei nôt oan yn de haven fan Antwerpen. Dy skippen koene it binnenwetter net op. Dit is in oerslachmasine, dy't op stoom rint. De masine sûge de seeskippen leech en pompte it oer nei de binnenfeartskippen. Sa koe it nôt fierder transportearre wurde."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De nôtsûger fan it Maritiem Museum is de iennige dy't yn Europa bewarre bleau. Dêrom is it ek wichtich dat er opknapt wurdt. "It wurdt in drastyske restauraasje," fertelt Stiensma. Dat moat ek wol, want de masine is al sa'n 100 jier âld. "Yn sa'n acht-njoggen moannen moat it wer klear wêze."

Jitze Stiensma, projektmanager by Talsma Shipyard

Allinne it ôfreizgjen nei Fryslân is al in hiele put. "Mar de tocht giet goed: de sleepboatkapitein hat in soad ûnderfining. De masine is in meter as 30 heech, it ponton dêr't er op stiet is 30 by 10. Je moatte by brêgen dus wol goed oplette."

Flaamsk erfgoed

Pim Jansen is al 34 jier skipper op de masine. "Ik ken de boot van de onderste bodemplaat tot het kraaiennest. De Stichting Rotterdamse Graanelevator is de beheerder, het is eigendom van het museum. Wij demonstreren bij grote stoomevenementen, maar verzorgen ook het onderhoud."

De masine troch de Keningsbrêge by Harns - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De masine sjocht der no min út, mar dêr hat Jansen ek in ferklearring foar. "Ee zijn in de aanloop naar de restauratie al vijf jaar geleden gestopt met het onderhoud. De buitenkant verdient een likje verf, het is gewoon weer tijd voor een vakkundige benadering. De beurt wordt voor een groot deel betaald door de Vlaamse overheid, want daar komt het erfgoed oorspronkelijk ook vandaan."

Freed moast der tusken de middei yn Harns noch wachte wurde op de Keningsbrêge:

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by Stadsgraanzuiger 19

De reis fan Rotterdam nei Frjentsjer is op de webside fan it Maritiem Museum live te folgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)