Minder sikehûsopnamen troch it coronafirus yn de ôfrûne wike

14 maaie 2021 - 06:15

Yn de ôfrûne wike is it tal sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus yn Fryslân mei de helte ôfnommen. Ferline wike wienen it der 25, dizze wike wiene dat 12. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. It tal besmettingen is mei goed tûzen sawat gelyk bleaun yn ferliking mei de wike derfoar.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

1.129 Friezen binne de ôfrûne wike posityf test op it firus. Dat is it leechste tal besmettingen sûnt de twadde wike fan desimber. Mar de sifers kinne wol fertekene wêze, warskôget de GGD. Yn wiken mei in soad fakânsjedagen litte minsken har minder teste. Omdat in soad skoallen ticht wienen, wurdt dêr al twa wiken lang minder test.

Omdat der nije ferrommingen oan sitte te kommen, ferwachtet de GGD dat it tal besmettingen de kommende tiid net fierder omleech giet.

Tolve nei sikehûs, trije stjergefallen

Yn de ôfrûne wike binne 12 Friezen opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus. Dat wienen der in wike earder 25. Trije Friezen binne ferstoarn oan it firus.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 228 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 163 besmettingen.

Op Skiermûntseach wie op 16 april de lêste besmetting.

Mear as 41.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 1.129 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 41.207 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen wie mei 3 dizze wike yn Fryslân krekt ien minder as de wike derfoar. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 470. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)