Man fan 24 omkaam by auto-ûngelok by Holwert

13 maaie 2021 - 20:13

Op de Ljouwerterdyk (N357) by Holwert is tongersdei oan it begjin fan de jûn in 24-jierrige man om it libben kaam by in auto-ûngelok.

Foto: CAMJO Media

De auto is troch noch ûnbekende oarsaak neist de dyk rekke en op de kop yn de sleat bedarre. De man fan 24 út de gemeente Noardeast-Fryslân hat it ûngelok net oerlibbe, in oare man (23) út deselde gemeente is nei it sikehûs brocht.

Tal fan helptsjinsten, en ek in traumahelikopter, wienen oanwêzich. De dyk hat in skoft ôfsletten west om ûndersyk te dwaan nei de tadracht fan it ferkearsûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Holwert N357
(Advertinsje)
(Advertinsje)