Binnensportferienings bliid mei ferrommingen; se kinne net wachtsje

Binnensportferienings kinne net wachtsje om wer te begjinnen mei aktiviteiten yn de seal. Se hoopje op ferrommingen op 18 maaie.
Binnensportferienings bliid mei fersoepeling
De lêste lockdown wie bygelyks dreech foar turnferiening CSC fan De Jouwer. Bûten traine wie kwealik mooglik, want de measte apparatuer moast binnen bliuwe. It ledetal rûn it ôfrûne healjier dan ek werom.
"We hoopje dat dy wer weromkomme of dat we nije leden krije", seit CSC-foarsitter Eric van Prooijen. "We sille der mei ús allen mei de kop foar en de minsken entûsjast meitsje. Dan moatte we sjen litte, wat ús feriening kin en dêrfoar moatte we nei binnen."
Badminton mei in sêfte bal, omdat in shuttle bûten faak net wol © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In klup as Badmintonvereniging Joure mocht it lêste heal jier it parkearterrein by swimbad Swimfun brûke. Al wie it oant no ta faak te tsjuster of stie der te folle wyn om bûten in shuttle te slaan.
"We binne bliid dat we yn alle gefallen wat kinne", seit Michel Veldstra fan de feriening. "Mar der sit gjin spulelemint yn. It is net sa leuk as dat it binnen is. Leaver moarn ferrommingen as nije wike."
As alles goed giet, kin fan nije wike tiisdei yn in hal sport wurde. Wol op oardel meter ôfstân en heechút yn groepkes fan twa persoanen.
Yn aksje mei badminton bûten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte