FIDEO: Drokte by túnsintra

13 maaie 2021 - 17:08

It wie tongersdei de perfekte dei om efkes rûn te strunen op syk nei blommen en planten. It waar is einlik wat better en de winkels binne wer iepen sûnder ôfspraak: it wie drok yn de túnsintra. In soad minsken hawwe in lang wykein frij en hawwe no de tiid om de hannen út de mouwen te strûpen en de tún op oarder te meitsjen.

Drokte by túnsintra

(Advertinsje)
(Advertinsje)