SC Hearrenfean ferliest dramatyske wedstriid yn Emmen; gjin play-offs om Europeesk fuotbal

13 maaie 2021 - 16:37

It seizoen foar SC Hearrenfean sit der praktysk op. Yn Emmen ferlearen de Friezen mei 3-1. De kâns op dielname oan de play-offs om Europeesk fuotbal is dêrmei oer. De wedstriid hie in dramatysk ferrin mei meardere kearen yngripen fan de VAR en twa reade kaarten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it earste kertier fan de wedstriid wienen der net folle kânsen foar beide ploegen. Mar yn de 20ste minút wiisde skiedsrjochter Nijhuis resolút nei de stip. Ek de VAR wie it iens mei dat beslút. De skonk fan Ibrahim Dresevic kaam mei in soarte fan karatetraap sa heech dat er it gesicht rekke fan thússpiler De Leeuw. Peña benutte dy penalty en skeat binnen yn de rjochterhoeke.

Reade kaart foar Schöne

Efkes letter rôp de VAR de skiedsrjochter nei de kant nei't Lasse Schöne belutsen wie by in oertreding op Vlak, hy stie fol op dy syn ankel. Hy krige dêr in reade kaart foar en moast nei 27 minuten it fjild ferlitte. It wie de earste reade kaart foar de Deen yn mear as 500 duels.

Keeper Erwin Mulder rêde yn de earste helte twa kear in skot mei in prima refleks. De Feansters kamen der net echt oan te pas en rûnen achter de feiten oan. Se koenen net folle kreëarje foar de goal fan de thúsploech. Twa 'domme' mominten bepaalden it ferrin fan de earste helte.

Foto: www.orange-pictures.nl

Twadde helte

Dresevic waard wiksele nei rêst en syn ferfanger wie Siem de Jong. In skot fan ôfstân kaam ûngelokkich op de earm fan Jan Paul van Hecke yn de 50ste minút. Earst sei de skiedsrjochter dat der gjin sprake fan hands wie, mar hy waard wer nei de kant roppen troch de VAR. Oardiel: wol in strafskop foar hands. En opnij wie it Peña dy't yn de 53ste minút binnenskeat. En Van Hecke krige in giele kaart.

SC Hearrenfean liet net folle sjen. Spits De Leeuw fan FC Emmen liet in pear kânsen ûnbenutte, dus de stân hie ek noch oars útpakke kinnen. Trainer Johnny Jansen helle yn de 78ste minút trije spilers tagelyk nei de kant: Tibor Halilovic, Joey Veerman en Henk Veerman moasten nei de klaaikeamer. Dat dienen se frustrearre, sûnder kontakt te hawwen mei de trainer. Flak dêrnei waard ek de 3-0 makke troch Peña, yn de 82ste minút makke er syn hattrick kompleet.

Der kaam noch in lytse oplibbing fan De Jong, mar sûnder resultaat. Ynfaller Benjamin Nygren skoarde op it lêst noch, yn de 88ste minút makke er de iennige goal foar de Friezen.

Noch in reade kaart

Uteinlik einige de ploech fan Jansen mei 9 man, want Syb van Ottele moast yn de 90ste minút ek fan it fjild ôf.

Snein is de lêste wedstriid fan dit seizoen. Dan moat SC Hearrenfean om 14.30 oere thús tsjin Sparta spylje.

FC Emmen - SC Hearrenfean 3-1 (1-0) 21. Sergio Peña 1-0 (strafskop), 53. Sergio Peña 2-0 (strafskop), 82. Nikolai Laursen 3-0, 88. Benjamin Nygren 3-1

Opstelling SC Hearrenfean: Erwin Mulder; Jan Paul van Hecke, Ibrahim Dresevic (46/Siem de Jong), Pawel Bochniewicz; Syb van Ottele, Lasse Schöne, Joey Veerman (79/Rodney Kongolo), Lucas Woudenberg; Mitchell van Bergen, Henk Veerman (79/Benjamin Nygren), Tibor Halilovic (79/Rami Hajal)

Reade kaarten: 27. Lasse Schöne, 90+2. Syb van Ottele

(Advertinsje)
(Advertinsje)