RIVM meldt 167 nije besmettingen

13 maaie 2021 - 15:30

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 167 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 6 mear as woansdei, doe wienen der 161 nije besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 161 besmettingen fêststeld. Presys in wike lyn lei dat trochsneed noch op 168.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (35), dêrnei Ljouwert (29) en Opsterlân (16).

Gjin stjergefallen, ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 6.088 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 6.498.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)