Histoaryske MS Friesland fart wer nei Flylân en Skylge

13 maaie 2021 - 14:50

It histoaryske skip MS Friesland 1 ferfangt mei Himelfeart en it wykein de troch brân skansearre Koegelwieck. Rederij Doeksen hat it skip út 1956 wer yn de feart nommen foar de oertocht nei Flylân en Skylge. Foar de fêste bemanning bliuwt it bysûnder om mei it skip te farren.

It bliuwt moai om op de Waadsee te farren, seit de kaptein:

De Friesland 1 die de oertochten fan Harns nei Flylân en Skylge oant 1988. Sûnt 2002 fart it deitochten by de histoaryske trijehoeke Enkhuizen-Medemblik-Hoorn.

Farre op Waadsee bliuwt it moaist

"Vanaf oktober hebben we al stilgelegen", seit kaptein Theo Gebhard. "26 mei wordt de eerste vaart, als het goed is. Dan kunnen we als de musea weer open gaan, weer beginnen. Wij varen van Enkhuizen naar Medemblik voor de Museum Stoomtram, die van Hoorn naar Medemblik rijdt. Op die manier is de historische driehoek compleet. Maar het blijft in dit gebied mooi varen. Het schip is gebouwd voor de Waddenzee. Dat is nog steeds het leukste."

Utsein it oanbringen fan rêdingsflotten wienen der net in soad oanpassings nedich foar it skip om yn de tsjinstregeling fan Doeksen mei te draaien.

Passazjiers binne entûsjast

De passazjiers kinne de histoarysk oertocht wol wurdearje. "Ik vind het prachtig", seit Inge van der Harst út Ljouwert. "Ik heb er voor 1988 ook op gezeten. Het zijn hele oude herinneringen die ik hier ophaal. Dat is wel heel leuk."

"Die art-deco-lampjes zou je toch zo eraf halen en meenemen", grapjaget Aly Schippers. "Geweldig! En die vloerbedekking, de stoelen en dat dek met hout en overal teakhout: het heeft veel meer charme dan een Koegelwieck en je mag er langer van genieten, want je zit er meer dan twee uur op."

(Advertinsje)
(Advertinsje)