Cambuur Sjoernaal: Ofskie fan earste difyzje mei spektakulêre comeback

13 maaie 2021 - 14:19

SC Cambuur hat op in bysûndere wize ôfskie naam fan de earste difyzje. De Ljouwerters wûnen de lêste wedstriid fan it seizoen mei 3-2 fan NAC Breda, mar diene dat wol nei in 0-2 efterstân.

Yn it lêste healoere begûn it te rinnen by de ploech fan trainer Henk de Jong, dat de oerwinning oer de streek luts en dêrmei ek de fjirdeperioadetitel wûn.

Yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we werom op it slotstik fan it seizoen en hifkje we by topskoarer Robert Mühren oft hy al mear wit oer syn takomst.

Folgjende wike is it lêste Cambuur Sjoernaal, dan mei in ekstra lang oersjoch fan dit seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)