Omrin: dizze wike bliuwt Ljouwerter miljeustrjitte ticht nei grutte brân

13 maaie 2021 - 14:45

De skea oan de loads fan ôffalferwurker Omrin, dêr't woansdeitejûn let in grutte brân útbruts, is enoarm. Dat is dúdlik wurden by deiljocht. "Het gebouw moeten we als verloren beschouwen", fertelt Jelmar Helmhout fan Omrin.

Omrin: dizze wike bliuwt Ljouwerter miljeustrjitte ticht nei grutte brân

"Het is een troosteloze, trieste aanblik", seit Helmhout. Der binne gjin minsken by ferwûne rekke, dat is it wichtichste. "Maar het is wel een schrik voor ons allemaal."

Omrin-meiwurkers ha brânwacht holpen

De brân waard ûntdutsen troch meiwurkers. Dy ha dêrnei de brânwacht holpen by it bestriden fan de brân. "Ze hebben bepaalde delen van de loods afgebroken, waardoor de brandweer er beter bij kon."

Foto: CAMJO media

Yn de rin fan tongersdei liet Omrin witte dat de miljeustrjitte dizze wike net mear iepen giet. Earder sei de wurdfierder te ferwachtsjen dat minsken freed of sneon guod bringe woenen. Dy krije berjocht (se moasten reservearje). "Mensen uit Leeuwarden kunnen naar Stiens of Grou."

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Yn it gebou lei papier en húshâldlik ôffal. De plysje ûndersiket wat de boarne en de oarsaak fan de brân is.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Omrin Greunswei
(Advertinsje)
(Advertinsje)