Omrop TIP: Piter Wilkens traktearret op 12 nije nûmers yn online konsert by Omrop Fryslân

Fan teare ferskes oant arranzjearre rock, en fan romantysk nei humoristysk: dat is it nagelnije album fan Marsumer trûbadoer Piter Wilkens. Foar grut publyk spile Wilkens in online konsert. Dit bysûndere optreden is op Himelfeartsdei te sjen by Omrop Fryslân.
It titelnûmer fan it album 'De Laitsjende Feniks' is in 'wraakballade'. Wilkens: "Alle minsken dy't ea, om hokker reden dan ek, op my ôfjûn hawwe, binne dêryn as ien persoan ferwurke. It komt derop del datst gewoan trochgean moatst mei watst dochst, altyd."
Njonken de nije nûmers komme ek âldere hits út Wilkens syn rike oeuvre foarby.
© Omrop Fryslân

In bysûnder optreden

"Yn tiden fan corona moatst foaral sjen nei wat wol kin. Ik wol minsken graach it nije wurk hearre litte. Dat kin op dizze wize", seit Wilkens. De ferskes wiene wer âlderwetsk ôfwikseljend, en it wie in spetterjend optreden.
Ek oan de lokaasje lei it net. De seal yn De Harmonie hat nammentlik in tydlike metamorfoaze ûndergien en is hielendal omtsjoend mei moaie oanklaaiïng. As sjogger fan it konsert wurdst meinommen troch kamera's dy't 360 graden filmje. Sa is it krekt as belibbest it konsert fan tichtby mei.
Op Himelfeartsdei, tongersdei 13 maaie, is it konsert fan 17.15 oere ôf op telefyzje by Omrop Fryslân te sjen. De werhelling is alle oeren nei Fryslân Hjoed.