Beruchte oplichter strykt del yn Fryslân

13 maaie 2021 - 10:48

In oplichter hat de ôfrûne jierren ferskate slachtoffers makke yn Fryslân. Christiane Stoutjesdijk ferhûze yn 2018 nei ús provinsje, nei't se troch hiel Nederlân in spoar fan fernieling achter liet.

Foto: Shutterstock.com (Bacho)

It telefyzjeprogramma Opgelicht?! hat it ferhaal fan Stoutjesdijk en har slachtoffers op in rige set. Stoutjesdijk wie in tal moannen aktyf as foarsitter fan it CDA yn Weststellingwerf. Se wie ek fraksje-ûndersteuner. De CDA-fraksje yn Weststellingwerf is bot skrokken fan de útstjoering.

Stoutjesdijk gong fuort by de partij troch ferskillen yn ynsicht. "Wy fine it ferskriklik foar de minsken dy't hjir finansjeel of emosjoneel by belutsen binne", seit Hans Visser, fraksjefoarsitter fan CDA Weststellingwerf. "Sels ha we der net de measte skea fan."

Jild liene mar net werom betelje

Yn 2016 rjochte de frou in soad skea oan yn Middelharnis (Súd-Hollân). Se makke der ferskate slachtoffers: se liende tûzenen euro's fan harren, mar betelle dat nea werom.

Dêrnei ferdwûn se nei Fryslân. Earst kaam se by har eks-freon, dy't se ek jild ôftroggele. Dy ferliet se, wêrnei't se har yn Noardwâlde by de kringloopwinkel oanbea as frijwilliger. Se learde der Auke Bosgraaf kennen, in oare frijwilliger. Dy hie te dwaan mei har drege finansjele situaasje en naam Stoutjesdijk yn hûs. Se bleau him lykwols om jild freegjen en nei't Bosgraaf der wat fan sei, mishannele se him.

12.000 euro werom betelje

Bosgraaf stapte dêrop nei it gerjocht. In groep Middelharnissers, ûnder de namme Onderzoekscollectief Middelharnis, begûn in ynsammelaksje om him der finansjeel by te stypjen. Bosgraaf wûn de gerjochtlike proseduere en Stoutjesdijk moast him 12.000 euro werom betelje.

Oant no ta hat se dêr in lyts diel fan oermakke, fertelt presintator Jaap Jongbloed yn syn programma.

Slachtoffers yn Middelharnis ha besocht om de CDA-fraksje yn Weststellingwerf te fertellen fan har oplichtingspraktiken. Fraksjefoarsitter Visser fertelt: "We ha har der wol mei konfrontearre, mar om't der gjin bewizen wiene, binne we noch even fierder gien mei har."

De kringloop yn Noardwâlde stjoerde har wol fuort nei de sinjalen út Súd-Hollân.

Stoutjesdijk: ik bin sels de dupearde

Yn de útstjoering fan Opgelicht?! konfrontearret in ferslachjouwer har mei alle ferhalen. Se kin har der net yn fine en draait it ek om: net de slachtoffers, mar sy is de dupearde. Se soe al jierren lang wachtsje op jild fan de oerheid, dat se mar net krijt.

De reportaazje dy't it programma Opgelicht?! makke oer Stoutjesdijk:

(Advertinsje)
(Advertinsje)