FIDEO: Himelfeartstsjinst yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum

13 maaie 2021 - 09:30

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten fanwege it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. En ek op dizze Himelfeartsdei. De tsjinst wie yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum.

De tsjinst waard fersoarge troch protestantske mienskip Easternijtsjerk. De foargonger wie dûmny Geert van Wieren.

Der wie muzikale meiwurking fan it ensemble Cantorale, ûnder lieding fan Anne de Bruijn.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan tongersdei 13 maaie 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)