Partijen wolle fûns foar fundearingsskea: boargers selde regeling as boeren

13 maaie 2021 - 08:42

De provinsje en it wetterskip moatte mei oare oerheden yn Nederlân oparbeidzje om Europeesk jild te finen foar in fundearringsfûns. Dat jild kin dan nei minsken dy't dupearre binne troch fundearingsskea. Dat wie ien fan de saken dy't foarby kaam yn in gearkomste fan Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân.

Skea troch boaiemdelgong - Foto: Eigen foto

Ynkoarten moatte beide bestjoerslagen in beslút nimme oer it Feangreideprogramma 2021-2030, in stik dat al foar in soad rebûlje soarget. Sa binne boeren yn it gebiet lilk. Sy fine dat se beneidield wurde, om't buorkjen dreech wurdt as it wetterpeil te heech is. Oaren ha muoite mei de skearegeling. Dy is allinnich regele foar de boeren, mar boargers moatte sels ta de bûse.

Huzen fersakje troch leech wetterpeil

Om goed buorkje te kinnen is it wetterpeil ferlege. It gefolch is dat de fundearringspeallen fan huzen yn it gebiet net langer ûnder wetter stean en begjinne te rotsjen. Huzen kinne dêrtroch fersakje.

Rûch waar boppe de feangreide - Foto: Omrop Fryslân & Remco de Vries

Ferskate partijen pleitsje foar in fûns. Sa ek wetterskipspartij Lagere Lasten Burger. Sjerp de Jong fan dy partij fynt dat je as oerheid foarkomme moatte dat minsken nei de rjochter stappe. Hy fynt dat de regeling foar boeren en boargers lyk lutsen wurde moat. Dat hâldt yn dat der in eigen risiko is fan 10 persint en dat it fûns de rest dekt.

Hoogland siket jild

Deputearre Douwe Hoogland wol dêr net fuort oan. Neffens him is it te betiid om te sjen nei útwreiding fan sa'n skeafûns. Huze-eigeners ha sels de plicht te soargjen foar goed ûnderhâld. Dochs seit Hoogland dat hy yn oparbeidzjen mei oare oerheden sjen wol oft der jild te finen is. Mar dat is gjin garânsje dat it der komt, seit de deputearre.

Wa is oanspraaklik?

De fraach is ek hoe't it komt mei de jurydyske oanspraaklikheid foar de skea. Jan Dogterom fan de partij 50PLUS stelde dat earder oan de oarder by it wetterskip. Neffens in troch him riedplachte professor privaatrjocht, Jan van Dunné, kinne boargers fia in sivile rjochter wol deeglik de provinsje en it wetterskip oanspraaklik stelle foar har skea. De regeling dy't ek yn Grinslân jildt - omkearde bewiislêst by skea troch gaswinning - soe hjir ek jilde kinne.

Juristen fan de provinsje en Wetterskip Fryslân bestride dat. Dochs wol deputearre Hoogland sjen oft der in petear komme kin tusken Van Dunné en de húsjuristen fan de provinsje.

Ein dizze moanne nimme de Steaten en it bestjoer fan Wetterskip Fryslân in beslút oer it Feangreideprogramma 2021-2030.

(Advertinsje)
(Advertinsje)