Teller Robert Mühren einiget op 38 goals: "Afsluiten in stijl toch?"

38 goals yn 37 wedstriden, dat binne de sifers dêr't Cambuurspits Robert Mühren it seizoen mei ôfslút. It wie kwa sifers it bêste seizoen út syn karriêre. De grutte fraach is: spilet de Volendammer takom seizoen wer yn it gielblau? "Dat weten we allemaal nog niet", is it net hiel ferhelderjende antwurd.
Net allinnich Cambuur wol Mühren takom seizoen ha:
Nei in oere spyljen stie Cambuur woansdei thús mei 2-0 achter tsjin NAC Breda, dat doe noch hoop hie op direkte promoasje. Mar de Ljouwerters setten in healoere oan, wûnen mei 3-2 en pakten dêrmei ek de lêste perioadetitel. Mühren skoarde yn de lêste tsien minuten twa kear. "Afsluiten in stijl toch?"

Grutsk op karriêre

38 goals yn ien seizoen, dat komt noch net hielendal binnen, seit Mühren. En oft it syn bêste seizoen wie? "Ik moet wel 'ja' zeggen, toch? Maar vorig jaar was ook niet slecht. En met Volendam heb ik ook goede jaren gehad, bij AZ ook wel. Bij Sparta negen keer gescoord. Ik denk dat ik het goed heb gedaan in m'n carrière, daar ben ik trots op."
Trainer Henk de Jong wol Mühren takom seizoen ek graach wer ta syn beskikking ha. De spits is der sels noch net oer út wat er docht. Der is ek ynteresse fan oare klups. "Binnenkort ga ik even bij Cambuur zitten, daarna ga ik andere telefoontjes beantwoorden. En uiteindelijk m'n gevoel laten spreken."

Gjin druk fan De Jong op Mühren

"Hy wit dat we 'm graach hâlde wolle", seit De Jong. "Mar ik wit ek dat er geweldige oanbiedingen krijt. Ik set de druk der ek net op by him, dat hat gjin doel." Mocht Mühren wol yngean op in goed oanbod fan in oare klup, dan hat De Jong der ek frede mei.
"De twadde helte wie flitsend", seit De Jong oer de wedstriid tsjin NAC:
"Robert is wol in fenomeen. Hy rint ek in soad alle wedstriden, net foar te stellen. En moatst 'm altyd stean litte, want hy skoart altyd."

"Ik woe net ferlieze"

De Jong is bliid dat syn ploech tsjin NAC de oerwinning noch oer de streek luts. Nei't Cambuur it kampioenskip binnen hie, spruts De Jong út dat er de lêste perioadetitel ek noch winne woe. Dat is slagge. "Echt hiel knap. Fernimst wol dat we al fjouwer wiken lyn promovearre binne. It wienen allegear feesten. Mar ik woe hjoed net ferlieze, dus ik ha wat wiksele. En dêr wurde we net minder fan. We einigje mei 92 punten, hiel knap."
We kinne alles mei ús allen. Fuotbalje, stride, traine, feeste.
Henk de Jong
Takom seizoen wurdt it in oar ferhaal, jout De Jong ta. Dêrom wol er dit seizoen yn 'e achterholle hâlde. "We kinne alles mei ús allen. Fuotbalje, stride, traine, feeste. Dat moat de basis wêze foar takom seizoen, want dan krije we it dreech. Dan sille we ek wolris trije of fjouwer kear op rige ferlieze. Mar as elkenien syn ferstân hâldt, dan dogge we it goed."

Antonia fuort?

Foar Jarchinio Antonia wie it tsjin NAC mooglik syn lêste wedstriid foar Cambuur. Syn kontrakt rint ôf. "Ik heb nog niets gehoord van de club, dus toen ik eraf ging, had ik wel het idee: dit kan m'n laatste wedstrijd zijn geweest voor Cambuur." Der is altyd noch in kâns dat er dochs bliuwt. "Maar dan moet er wel een aanbieding komen."
Mühren bestjoert de kamera by it ynterview mei Jarchinio Antonia:
Antonia kaam twa jier lyn nei Ljouwert om de wille yn it fuotbaljen werom te krijen, want dat wie er wat kwytrekke. Dat doel is slagge. "Ik heb twee geweldige seizoenen gehad. Een goede ploeg, een hechte groep. Als ik wegga, ga ik deze groep zeker missen. Het is de leukste groep waarmee ik ooit heb gewerkt."