Loads fan Omrin yn Ljouwert ferwoaste by grutte brân

Yn in papieropslach yn Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in grutte brân west. Fanwege de reekûntwikkeling is in NL-Alert ferstjoerd. De stankoerlêst wie yn in grut part fan de stêd te fernimmen.
De brân wie yn in loads fan fan fyftich by hûndert meter fan Omrin oan de Greunswei. Brânwachtploegen út de hiele provinsje binne nei Ljouwert kaam om it fjoer te bestriden. Flak nei middernacht hat de brânwacht mei in kraan de loads foar in part iepen makke. Dêrtroch wie de brân better te berikken.

Gjin ferwûnen

Der is gjinien ferwûne rekke by it útbrekken fan de brân. De bewaker dy't oanwêzich wie, koe op tiid fuortkomme.
Minsken yn in part fan Ljouwert krigen it advys om net nei bûten te gean, ruten en doarren te sluten en de fentilaasje út te dwaan.

Brân master

Om likernôch seis oere tongersdeitemoarn joech de brânwacht it sein 'brân master'. Dêrnei wie de NL-Alert ek net mear fan krêft. It neiblussen sil noch wol in skoft duorje, jout de brânwacht oan. Fan it gebou is net in soad oerbleaun.