'Boeren yn finansjele problemen om't se sinnestroom net weromleverje kinne'

12 maaie 2021 - 22:10

Hieltyd mear boeren wolle sinnepanielen op dakken fan stâlen en skuorren pleatse, mar neffens boerebelange-organisaasje LTO Noord smyt dat gauris finansjele problemen op by de boeren. Want leverje is net altiten mooglik troch de beheinde netkapasiteit.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

LTO Noord hat inkelde tsientallen dupearre boeren yn byld, mar ferwachtet dat der folle mear binne dy't ynvestearre hawwe, mar no net leverje kinne. De boerebelange-organisaasje krige de ôfrûne tiid ferskate berjochten binnen.

Dan giet it bygelyks om minsken dy't in diel fan de tiid net leverje kinne om't der net genôch netkapasiteit is, oant it spesifike gefal fan in ûndernimmer dy't earst grien ljocht krige om te leverjen, mar letter te hearren krige dat er oant 2024 gjin plak foar him is op it elektrisiteitsnet.

"In Nederland wekt al 45 procent van de boeren en tuinders energie op, soms met zonnepanelen, soms met windmolens, maar ook met biovergisters. Dat wordt alleen maar meer", seit Nico Verduin, dy't boppedat oanjout dat it faak om ynvestearringen giet fan inkelde hûnderttûzen euro's. "Dat wordt ook aangemoedigd en daar nemen we ook de verantwoordelijkheid voor, om daar verder in te investeren. Maar daar hangt wel voldoende capaciteit op het net mee samen."

Genôch kapasiteit

LTO Noord wol dat de netbehearders tenei genôch kapasiteit hawwe en ek de fasiliteiten krije fan de oerheid. Dat kin al ferholpen wurde mei de oanlis fan kabels seit Verduin, al is dat net samar dien.

Ek wol LTO Noord dat de boeren hurde garânsjes krije, sa't sy net mear pas jierren letter leverje kinne. Verduin: "En dat anderzijds de overheid veel meer investeert in die netstructuur, zodat we ook verder kunnen bouwen, om te voldoen aan die maatschappelijke trends om duurzame energie te produceren."

Nico Verduin fan LTO Noord

(Advertinsje)
(Advertinsje)