Cambuur slút kampioensseizoen ôf mei oerwinning en tredde perioadetitel

SC Cambuur hat it kampioensseizoen ôfsletten mei in oerwinning en dêrmei it kampioenskip yn de fjirde perioade. Yn it Cambuur Stadion wiene de Ljouwerters mei 3-2 te sterk foar NAC Breda, dat by in oerwinning noch in teoretyske kâns hie op promoasje.
De kânsen wiene yn it earste healoere fan de wedstriid seldsum. De sprankeling wie der by de kampioen fan de earste difyzje yntusken ôf. Dat de Bredanaars, dy't noch foar direkte promoasje spilen, op foarsprong kamen wie dan ek gjin ferrassing. Sydney van Hooijdonk koe yn de 36e minút in foarset fan Robin Schouten binnenwurkje: 0-1.
Michael Breij wie flak foar it skoft noch wol tichteby de lykmakker, mar syn folly waard knap út de goal holden troch keeper Nick Olij.

NAC rint út

Al frij gau yn de twadde helte ferdûbelen de besikers de foarsprong. Kaj de Rooij kaam allinnich op keeper Sonny Stevens ôf en koe behearske ôfwurkje.
Dêrmei wie de wedstriid noch net binnen foar NAC, want ynfaller Mitchel Paulissen makke op oanjaan fan Robert Mühren yn de 68e minút de 1-2.

Comeback

Dêrmei kaam it leauwen wer werom by de thúsploech. Mei in echte spitsegoal en syn 37e fan it seizoen makke Mühren der yn de 83 minút 2-2 fan. Noch gjin twa minuten letter stie der sels in foarsprong foar Cambuur op it skoareboard. Op 'e nij wie it Mühren dy't dêrmei syn seizoenstotaal dus op 38 brocht.
NAC Breda besocht it noch wol mei in slotoffinsyf, mar dat wie mei net effektyf. De lytse kâns op direkte promoasje wie dêrmei fuort foar NAC, dat no feroardiele is ta de play-offs.

Perioade

De oerwinning levere Cambuur neist trije punten ek de titel yn de fjirde perioade op. Dêrmei komt it totaal foar de ploech fan Henk de Jong dit seizoen op trije perioadetitels. Mei 92 punten en 109 goals skerpe de klup ek it eigen kluprekôr noch wat fierder oan.
SC Cambuur - NAC Breda 3-2 (0-1): 0-1 36' Sidney van Hooijdonk, 0-2 51' Kaj de Rooij, 1-2 68' Mitchel Paulissen, 2-2 83' Robert Mühren, 3-2 85' Robert Mühren.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Breij (55' Paulissen), Hoedemakers (68' Ter Heide), Maulun; Antonia (55' Sambissa), Mühren, Korte (46' Doodeman).