Goalgetter Fenna Kalma ferlinget kontrakt by koprinner FC Twente

12 maaie 2021 - 21:31

Fenna Kalma bliuwt ek it kommende seizoen aktyf by FC Twente. De spits fan Haskerhoarne hat yn Enschede in oerienstimming berikt oer de ferlinging fan har ôfrinnende kontrakt mei ien seizoen.

Foto: Orange Pictures

De Friezinne makke yn 2019 de oerstap fan SC Hearrenfean nei FC Twente. Yn har earste seizoen wûn se mei Twente de Eredivisie Cup en op it stuit stiet se mei har ploech boppe-oan yn de earedifyzje. Kalma kaam dit seizoen 22 kear yn aksje foar de Tukkers en skoarde dêryn trettjin kear.

"Ik voel me thuis bij FC Twente, we spelen ieder jaar mee om de prijzen en ik merk dat ik me in deze omgeving nog verder kan ontwikkelen. Dat is voor mij het belangrijkste en daarom ben ik heel blij dat ik mijn contract kan verlengen", seit Kalma.

Trefwurden: 
fuotbal FC Twente Fenna Kalma
(Advertinsje)
(Advertinsje)