180 oeren wurkstraf en 25.000 euro boete foar boer út Raard mei himpkwekerij

In 65-jierige man dy't belutsen is by in grutte himpkwekerij yn in pleats by Raard, hat woansdei in wurkstraf krigen fan 180 oeren. Ek krijt de man in boete fan 25.000 euro. Dat jild hat hy neffens de rjochtbank fertsjinne mei it ferkeapjen fan de himp.
© Pixabay
Yn dyselde saak waard op 19 maart in 39-jierige man út it Brabânske Oosterhout feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren. Dizze man moat wol mear werombetelje as syn hantlanger: de rjochtbank wol dat hy 50.000 euro oan krimineel fertsjinne jild yn de Steatskas stoart.
De himpkwekerij kaam ein july 2017 oan it ljocht. Yn de pleats, dêr't ferskate kweekromtes yn boud wiene, fûn de plysje 1482 himpplanten. De eigeneres fan de pleats, in 40-jierige frou út Teteringen, waard yn maart frijsprutsen.