Laura, Rowan en Lieve winne SJONG 2021 en soargje foar pikefel by sjuery

12 maaie 2021 - 20:22

Laura Kooistra út Tersoal, Rowan Veltman út Garyp en Lieve Smit út Burgum binne de winners fan SJONG 2021. Under it each fan in hânfol minsken en in protte online folgers koene sy sjueryleden Elske en Femke de Walle betsjoene mei harren muzikaal talint. Klaske Smid (Himmelum) wûn de SjONG-tekstpriis.

Rowan Veltman - Foto: Piet Douma

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. De wedstriid wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin.

Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, mar se meie ek in Fryske sjongtekst ynstjoere; dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis.

Yn de grutte studio fan ROC Friese Poort Drachten wûn Laura Kooistra (16) út Tersoal de earste priis, mei har liet 'Op dy fersjoen', in Fryske oersetting fan 'My immortal' fan Evanescence. "Ik ha oeral pikefel, wat in moaie stim en prachtige frasearingen, do boeist my fan begjin oant ein", sei sjuerylid Elske de Walle.

De oare earste priis gie nei Rowan Veltman (15) út Garyp, mei it nûmer 'Myn dream', in cover fan 'Everything I wanted' fan Billie Eilish. "Ik liet myn pinne falle doe't ik dyn stim foar it earst hearde", sei Femke de Walle. "Wow, wat in waarmte en kontrôle!"

De lêste winner wie Lieve Smit út Burgum mei 'Yn myn dream', oftewol 'One day' fan Tate McRae. Se begelate harsels op piano en de sjuery priizge har foar har stimlûd, dynamyk en muzikaliteit.

De trije winners meie in fideoklip opnimme mei cinematographer Cor Booy, dy't wurke hat oan Netflix-films en guon fideoklips fan bekende artysten makke hat.

Foto: Sjongfestival

Klaske Smid wint tekstpriis

Ek dit jier wie der in tekstpriis foar de bêste Fryske sjongtekst. Sjuerylid Raynaud Ritsma keas foar Klaske Smid út Himmelum. Sy skreau in Fryske tekst op 'The Climb' fan Hannah Montana, dat waard 'Hjoed is de dei'.

"Mei wurden as 'flinterfrij', 'fûgelfrij', mar ek 'simmerfeeling' hasto in geweldige tekst makke oer de reis fan it libben", sei Raynaud Ritsma oer de tekst fan Klaske Smid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)