Stichting Wolf Nederland: 'Der wurdt jage op de wolf yn Fryslân'

De wolf dy't yn Fryslân omspaant en by Ketlik sjoen is, soarget foar opskuor. Stichting Wolf Nederland hat ferskate berjochten fan jagers krigen dat der op de wolf jage wurdt.
Boeren jouwe in beleanning oan jagers, seit de stichting:
De jagers krije de fraach fan boeren om de wolf del te sjitten. De wolf is in beskerme bist en dêr mei net op jage wurde. Neffens de Jagersvereniging yn Fryslân is it dan ek ûnsin dat jagers efter de wolf oan sitte.

Tusken de 3.000 en 5.000 euro foar elke wolf

By Stichting Wolf Nederland binne de ôfrûne dagen telefoantsjes en berjochten binnenkaam fan jagers dy't in melding dogge dat guon jagers op de wolf by Ketlik jeie wolle. Guon jagers hawwe de fraach fan boeren krigen om de wolf dea te sjitten yn ruil foar in fergoeding.
"De bedraggen dy't by ús binnen kaam binne ferskille fan 3.000 oant 5.000 euro foar elke wolf dy't op harren hiem dellein wurdt", fertelt Doutzen Venema fan Stichting Wolf Nederland. Nammen fan de jagers binne bekend by de stichting.
Ek Omrop Fryslân hat belle mei in persoan dy't him jager neamt dy't efter de wolf oan wol. Neffens Jagersvereniging Fryslân kin it net sa wêze dat der jagers binne dy't de wolf deasjitte wolle. "Dy binne der net by ús faunabehearienheid", seit Siebren Siebenga, foarsitter fan de Jagersvereniging Fryslân.
De jagersferiening fiert opdracht út op basis fan it faunabehearplan yn opdracht fan provinsje. Der is gjin opdracht om de wolf dea te sjitten. "Dus dit soarte wyld-west-ferhalen kin ik neat mei", seit Siebenga.
Doutzen Venema fan Stichting Wolf Nederland
"Natuerlik is net elke jager dit fan plan, mar der binne jagers dy't it wol fan plan binne", seit Venema. De stichting waard belle troch in jager dy't sels net bliid is mei it feit dat guon jagers op de wolf jeie wolle. "De jager sei dat it om in pear rotte appels giet", fertelt Venema.
Siebenga kin him net yntinke dat jagers dit fan doel binne, mar hielendal wis kin hy net wêze. "Ik ha de jagers net allegearre sprutsen en boppedat ken ik se net allegearre", seit Siebenga.
Siebren Siebenga, foarsitter fan de Jagersvereniging yn Fryslân
De wolf is in beskerme bist en dêrmei is it jeien op de wolf strafber. "As je je hjir skuldich oan meitsje dan is dat in misdriuw by jachtaktiviteit en dan kinne je je jachtakte wol ynleverje", seit Siebenga.
Venema fan Stichting Wolf Nederland fynt it slim dat boeren jagers freegje om op de wolf te jeien. "Dit is net de manier. Der binne maatregels dy't de boer treffe kin om de wolf bûten harren lân te hâlden. Deasjitte is net de oplossing," seit Venema.
Stichting Wolf Nederland hat melding dien by de plysje en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Dy seit de meldingen serieus op te pakken.