Jildpriis foar Onbeperkte Elfstedentocht: "Missie van Bibian Mentel voortzetten"

Je kinne der hast wol pikefel fan krije, seit Sandy Krijnen. Se organisearre foarich jier foar it earst de Onbeperkte Elfstedentocht, in alvestêdetocht foar minsken mei in beheining. Dêrfoar krijt se no in grutte priis, op foarspraak fan ûnder oare sjueryfoarsitter Bibian Mentel. "Ik ben haar zó dankbaar", seit Krijnen.
Sandy Krijnen © Omrop Fryslân
Se is tige wiis mei de 50.000 euro dy't heart by priis fan de Nederlandse Loterij in Beweging. Dat paralympysk kampioene Mentel noch sein hat dat de stichting achter de Onbeperkte Elfstedentocht de priis krige, docht in soad mei Krijnen. "We willen haar missie graag voortzetten."
We willen dat mensen niet meer aan de zijlijn hoeven te staan.
Sandy Krijnen fan de Onbeperkte Elfstedentocht
Sa is it de bedoeling dat yn septimber de twadde edysje fan de Onbeperkte Elfstedentocht komt. "We willen heel veel mensen aan de start verwelkomen, mensen die niet meer aan de zijlijn hoeven te staan. Dat was ook de missie van Bibian Mentel." De bysûndere tocht fan Krijnen is foar minsken dy't net meidwaan kinne oan ien fan de al besteande alvestêdetochten.

Maatwurk leverje

De organisaasje kin de jildpriis goed brûke, leit Krijnen út. "Deze evenementen vragen om maatwerk. Mensen met een chronische aandoening of mensen die van een rolstoel afhankelijk zijn, die zitten vaak met vervoer, slaapplekken en andere voorzieningen. Als er aan de route geen invalidentoilet staat, dan moeten we daarin voorzien. Dat kost allemaal geld, maar dat maatwerk kunnen we nu leveren."
Foar de twadde edysje binne al flink wat oanmeldingen, seit Krijnen. "De Elfstedentocht is iets magisch. Mensen vanuit het hele land schrijven zich in."

Sjen litte wat je dwaan kinne

Wa't der yn septimber yn alle gefallen by is, is Aad Ottervanger. Hy hat ALS en sit yn in rolstoel. Foarich jier die er ek al mei. "Ik vind het heel belangrijk om aan publieksevenementen deel te nemen", seit er. "Dat men toch ziet wat je met een beperking kunt doen. Ieder op z'n eigen manier, dat is het mooie ervan."
By de earste edysje fan de Onbeperkte Elfstedentocht © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It doel fan Krijnen is fierder om troch hiel Nederlân soksoarte eveneminten organisearje. Want foar de Onbeperkte Elfstedentocht komme dan wol oanmeldingen út it hiele lân, mar it leafst wol se by minsken om 'e hoeke wat oanbiede. "Dat is onze missie, onze grote droom: landelijk onbeperkte evenementen organiseren."
Sjoch hjir nei de Fryslân DOK oer de earste edysje fan de Onbeperkte Elfstedentocht: