Gordykster krijt maksimale wurkstraf foar feroarsaakjen deadlik ûngelok by De Gordyk

Tsjin de 33-jierrige man fan De Gordyk, dy't ferline jier in deadlik ûngelok feroarsake, waard in wurkstraf fan 240 oeren easke. Der is woansdei útspraak dien yn de saak. De Gordykster botste op de Nijewei frontaal op de auto fan in pear út Jobbegea. De 82-jierrige bestjoerder oerlibbe de oanriding net.
Rjochter © Shutterstock.com
Op 29 jannewaris 2020 kaam de Gordykster op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Hy ried frontaal op de auto fan in pear út Jobbegea yn, de 82-jierrige bestjoerder kaam dêrby om it libben. Syn frou rekke swier ferwûne by de oanriding.
De Gordykster sei tsjin de plysje dat er mei syn autoradio oan 'e gong wie, en dat er doe "ynienen in klap" hearde. De rjochtbank konkludearret dat de Gordykster "aanmerkelijk onvoorzichtig en onoplettend rijgedrag" fertoand hat.
Justysje easke de maksimale wurkstraf fan 240 oeren tsjin de Gordykster. De rjochtbank is dêr yn meigien en hat de man boppedat in rydûntsizzing ûnder betingst oplein.