Dochter en freon oerfalle âlders: twa en fiif jier sel

12 maaie 2021 - 15:17

In 50-jierrige ynwenner fan Drachten is feroardiele ta fiif jier sel foar de gewelddiedige oerfal op de âlders fan syn eks-freondinne. De doetiidske freondinne (36) die sels ek mei oan de berôving. Sy is feroardiele ta twa jier sel en tbs ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

By de oerfal, moarns betiid op 11 augustus 2020, waard flink wat geweld brûkt, benammen troch de manlike fertochte. Hy sloech de slachtoffers mei in izeren stêf en dielde kopstjitten út mei syn helm. De heit krige in mes op 'e kiel, de mem waard op it boarst prikt. De dochter hie har mem slein.

50.000 euro, telefoans en beurs

De twa wienen op in scooter nei Beetstersweach riden. Direkt doe't de heit harren binnen liet, rôpen se dat se jild ha moasten. Se easken 75.000 euro, mar der koe maksimaal 50.000 euro oermakke wurde. De oerfallers gongen derfan troch mei de telefoans fan de âlders en in beurs. Deselde dei noch waarden se oanholden.

"Kras op de ziel" by mem

Se seinen dat se mei it jild nei Parys woenen. De fertochten wienen beide ûnder ynfloed fan drugs en alkohol. Twa wiken lyn, by de sitting, seinen se spyt te hawwen. De mem sei doe dat de oerfal "een kras op de ziel" achterlitten hie, mar dat sy en har man noch iepen steane foar in nij begjin mei harren dochter.

De dochter wie neffens saakkundigen fermindere tarekkenber. Se hat in licht ferstanlike beheining mei borderline en der is in fersteuring yn it brûken fan middelen en medikaasje. De saakkundigen advisearje in lange klinyske behanneling, yn de foarm fan in type tbs mei dêrnei in ambulante behanneling en wenbegelieding.

Drugs- en kontaktferbod

De rjochtbank naam dat advys oer. De frou krijt ek in drugsferbod, se mei gjin kontakt mear ha mei de oare fertochte en se moat iepenheid jaan oer relaasjes dy't se oangiet. De manlike fertochte wie wol folslein tarekkenber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)