Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân lyk oan trochsneed

12 maaie 2021 - 15:18

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 161 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Tiisdei gie it om 152 nije besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 161 besmettingen fêststeld, presys like folle as woansdei dus. Presys in wike lyn lei dat trochsneed noch op 169.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (25). Dêrnei folgje Waadhoeke (20) en Súdwest-Fryslân (18).

Twa sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke en Smellingerlân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 6.422 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 6.604.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)