SC Hearrenfean hopet op in merakel

12 maaie 2021 - 14:58

"De kans is er gewoon en dus is het realistisch." Dat seit Johnny Jansen foarôfgeand oan de wedstriid tsjin FC Emmen. De Hearrenfean-trainer hat it oer dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal.

Jansen wol druk hâlde op de klups boppe Hearrenfean:

Om dy play-offs te heljen, is in lyts wûnder nedich. Hearrenfean hat fjouwer punten efterstân op plak acht, Sparta, mei noch twa wedstriden te gean. De nûmers fiif oant en mei acht spylje yn de play-offs. Hearrenfean hat it dus net mear yn eigen hân. Boppedat steane ek Heracles en Fortuna Sittard der better foar as Hearrenfean.

Yn totaal meitsje noch fiif ploegen kâns om achtste te wurden.

De striid om plak acht

Punten Doelsaldo
8. Sparta 43 0
9. Heracles 43 -6
10. Fortuna 40 -7
11. Hearrenfean 39 -3
12. Twente 38 -2

"Je bent afhankelijk van anderen en dat is hartstikke jammer", seit Jansen. "Maar als het allemaal een beetje positief uitpakt, dan houd je wel druk op de laatste wedstrijd. You never know!"

De ploegen dy't boppe Hearrenfean steane, ha net in hiel maklik programma. De kâns bestiet dat dy noch wol punten ferspylje. Dat is ek de hoop fan Jansen.

It programma fan de fiif ploegen dy't om plak acht stride - Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean moat yn alle gefallen sels twa kear winne, te begjinnen komende tongersdei tsjin Emmen. De Friezen ha dit seizoen al twa kear wûn fan de Drinten. Yn de kompetysje waard it 4-0 en yn de achtste finale fan de beker wie Hearrenfean mei 1-2 te sterk.

Zij knokken om niet te degraderen en wij voor de club en voor het geld.

Johnny Jansen

"Maar het verleden telt niet meer", seit Jansen, "Dit is een heel andere wedstrijd. Zij knokken om niet te degraderen en wij knokken voor de club en voor het geld. En dan gaan we kijken of we nog druk kunnen houden op de play-offplekken."

Emmen klimt út it dal

Emmen ferlear ôfrûne wykein mei 0-4 fan FC Groningen, mar dêrfoar hat de ploech wol in goeie searje delset mei ûnder oare oerwinningen op FC Utrecht, RKC, Fortuna Sittard en Heracles. Moannenlang stie de ploech fan Dick Lukkien stiif ûnderoan, Emmen wie dea en begroeven, mar troch in goede rige resultaten kin Emmen streekrjochte degradaasje sels noch ûntrinne.

Johnny Jansen folget de degradaasjestriid mei ynteresse. "Er is geen peil op te trekken wie er degradeert. Daar wil je natuurlijk niet in terecht komen, dat geeft een andere druk en heel veel negativiteit. Wij willen nu gewoon het seizoen goed afsluiten."

Johnny Jansen oer de opstelling:

De wedstriid FC Emmen - SC Hearrenfean begjint tongersdeitemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)