Netwurk fan boeien moat grutte fisken Waadsee yn 'e gaten hâlde

12 maaie 2021 - 14:28

It giet net goed mei grutte fisken yn 'e Waadsee. Der is in delgong fan 90 persint fêststeld. In netwurk fan boeien moat mear dúdlikens jaan oer it gedrach en de swimrûten fan de fisken.

Foto: Shutterstock.com (Bjoern Wylezich)

De earste fan mear as 100 ûntfangers binne dizze wike op boeien fan Rykswettersteat yn de Waadsee pleatst. De ûntfangers moatte sinjalen fan fisken opfange, dy't fan in spesjale stjoerder foarsjoen binne. It moat it begjin fan in grut digitaal netwurk wêze, wêrmei't de fisken yn 'e gaten hâlden wurden kinne.

Der swimme hieltyd minder grutte fisken lykas de seebears en seeforel yn de Waadsee. De fisken dy't der noch swimme binne boppedat lytser. Hoe't it krekt kin is net dúdlik, seit ek Wouter de Heij fan de Waadferiening: "Elkenien hat dêr sa syn gedachten by, is it de groei fan de seehûnen, sânsuppleesjes, de temperatuer fan it wetter dy't oprint, de beropsfiskerij?"

Undersyk nei grutte fisken

Om wat oan dit probleem dwaan te kinnen moat ûndersyk dien wurde nei it gedrach en de swimrûten fan de fisken. As fisken mei in stjoerder by in boei delswimme, wurdt harren unike koade en it stuit wêrop't se by de boei wiene opslein. "Dan kinne wy dy fisk fan de iene ûntfanger nei oare ûntfanger folgje", leit Wouter de Heij út. "Wat wy witte wolle is hokker dielen fan de Waadsee oft wichtich binne." Dy ynformaasje kin brûkt wurde om it natoerbehear better foarm te jaan.

Om de fisken in stjoerder te jaan, sille se earst fongen wurde moatte. Dêrnei wurde se ferdôve en wurdt in stjoerder yn 'e búkholte fan de fisk set.

Resultaten fan it ûndersyk

De kommende jierren moatte hûnderten fisken in stjoerder krije. It projekt wurdt yn 2025 ôfrûne, mar Wouter de Heij hopet tsjin 'e ein fan dit jier de earste ynformaasje oer de fisken te hawwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)