De 70ste Allegoaryske Optocht yn Sint-Nyk giet alwer net troch

De 70ste Allegoaryske Optocht yn Sint-Nyk giet net troch. It bestjoer fan VVV St. Nicolaasga ferwachtet wol dat der yn septimber folle mear mooglik is sûnder coronabeheiningen, mar dochs smyt it iepeningsplan neffens de organisaasje noch te folle ûnwissens op. De optocht mei de Sint-Nykster Merke is ien fan de grutste optochten mei fersierde weinen yn it noarden.
De Allegoaryske Optocht yn Sint-Nyk © Omrop Fryslân, Sian Wierda
In grut part fan de buerten en bougroepen hie yn 't foar al witte litten it dreech te finen om útein te setten mei bouwen. Dêr komt nochris by dat der ek wat de fergunning foar it evenemint en it corona-draaiboek oanbelanget, noch te min dúdlik is.

Oare ynfolling Sint-Nykster Merke

It is al it twadde jier op 'e rige dat de optocht net trochgiet. It bestjoer fan VVV St. Nicolaasga jout oan te sykjen nei in oare ynfolling fan de Sint-Nykster Merke. Sy hoopje takom jier wol wer op in optocht, dy moat dan op 1 septimber wêze.