It eardere Bogerman College yn Wommels hat in nije bestimming

12 maaie 2021 - 13:24

It eardere gebou fan it Borgerman College yn Wommels moat in wenlokaasje foar jongelju wurde, dat hat it kolleezje fan Súdwest-Fryslân besletten. It gebou is al sûnt 2018 net mear yn gebrûk. De winsk fan it doarpsbelang is om der huzen foar starters te meitsjen: der moatte yn totaal tsien hierapparteminten en tsien keapwenten komme.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat al akkoart jûn foar de ferkeap oan in projektûntwikkelder. Foar it beslút is ûnder de jongerein yn en om Wommels in enkête holden oer it ferlet fan starterswenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)