Middelbere skoallen OSG Sevenwolden en Bornego ha fúzjeplannen

De skoalbestjoeren fan OSG Sevenwolden en it Bornego College binne fan doel om te fusearjen. De twa ynstellingen fersoargje it fuortset ûnderwiis yn de gemeenten Hearrenfean, De Fryske Marren en Ljouwert. Se wolle fierder ûnder de namme Stichting Onderwijsgroep Midden-Friesland.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De beide bestjoeren ferwachtsje de kommende tsien jier in delgong yn it tal learlingen. No jouwe beide ynstellingen ûnderwiis oan 4.500 learlingen, de ferwachting is dat dat oer tsien jier sa'n 11 oant 15 prosint minder is. Troch te fusearjen kinne de ynstellingen de kwaliteit en oanbod fan it fuortset ûnderwiis op nivo hâlde, is it idee.

Splitsing iepenbier en kristlik ûnderwiis bliuwt

Dat de iene ynstelling iepenbier ûnderwiis fersoarget (OSG Sevenwolden) en de oare kristlik (Bornego) is gjin probleem, neffens de bestjoeren. Dy splitsing bliuwt bestean. De bestjoeren kinne ek gearwurkingsskoallen opsette. Dat is al bard op It Hearrenfean mei it Kei College en op De Jouwer mei Plein Joure.
De kolleezjes fan De Fryske Marren en Hearrenfean ha yntusken in posityf advys jûn oer de plannen fan de bestjoerlike fúzje. De gemeenterieden moatte der noch wol mei ynstimme. Datselde jildt foar de gemeente Ljouwert, de meisizzenskipsrieden fan beide ynstellingen en de minister.